Minder net-beteljende hierders

15 jul 2003 - 00:00

It tal wanbetellers by de Corporatie Holding Friesland is flink ôfnommen. De totale skuld fan alle 20.000 hierders is de lêste twa jier mei tritich persint weromrûn. Dat is in opfallend heech ferskil, foaral om't it minder giet mei de ekonomy en minsken dêrom just minder jild te besteegjen hawwe.

Direkteur Deinum fan de CHF hat net in echte ferklearring foar de ôfname. De regels binne de lêste jierren wol wat stranger wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)