Minder muzyk op Fiskerijdagen

05 jul 2004 - 14:56

Der komme dit jier minder poadiums en bierpompen op strjitte by de Harnzer Fiskerijdagen, ein augustus. Dat ha gemeente en hoareka mei-inoar ôfpraat.

De maatregels binne bedoeld om de wyldgroei fan drankferkeappunten en optredens tsjin te gean. Ferline jier wie der by de hoareka te folle konkurrinsje en wie der lûdsoerlêst fan bands dy't troch inoar spilen. De ûndernimmers sille sels de regels hanthavenje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)