Minder mûzen, minder ûlen

18 jul 2006 - 17:01

Der binne dit jier folle minder ûlen as oare jierren yn Fryslân. Ek oare rôffûgels ha der lêst fan. Oarsaak is dat der hiel wat minder fjildmûzen binne, it wichtichste fretten foar de oelen. Yn Fryslân is de ûlepopulaasje mei sechtich persint weromrûn.

Saakkundigen meitsje har der lykwols gjin soargen oer. It tal fjildmûzen rint yn in perioade fan trije jier werom en nimt dêrnei wer ta. Dan komme der ek wer mear ûlen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)