Minder muskusrotten fongen

23 feb 2011 - 16:54

Der binne ferline jier goed 5.000 muskusrotten minder fongen as it jier derfoar. Dat is 30 prosint minder. Neffens it Wetterskip komt dat trochdat der de lêste jieren ekstra hurd wurke wurdt oan de bestriding. Se sette bot yn op de aktive bestriding. Sa geane de minsken fan it wetterskip mei quads it lân yn.

Neffens it wetterskip kin it noch folle better en is it stribjen om op goed 10.000 fangsten yn it jier út te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)