Minder misdriuwen yn Fryslân

19 sep 2014 - 12:05
  • Oscar Dros, de nije plysjesjef fan Noard-Nederlân

Der wiene yn de earste helte fan 2014 minder misdriuwen yn Noard-Nederlân yn fergeliking mei it earste diel fan 2013. De plysje registrearre yn 2013 rom 41.000 misdriuwen. It earste healjier fan 2014 wiene dat der 39.500. Benammen it tal oerfallen (fan 48 nei 26) en strjitrôven (fan 92 nei 72) is bot ôfnommen. As it om ynbraken giet, docht Noard-Nederlân it minder goed yn fergeliking mei de rest fan it lân.

Der is yn it Noarden yn it earste healjier 3% minder ynbrutsen as ferline jier. Lanlik wie de delgong 16%.

Wol wurdt der yn it Noarden (1,7 kear op eltse tûzen ynwenners) minder ynbrutsen as yn de rest fan it lân (2,2 kear op eltse tûzen ynwenners). De sifers binne no foar it earst foar eltse gemeente apart nei te gean op de website fan 'e plysje.

Sjoch hjir foar de sifers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)