Minder minsken yn Fiskershúske

27 okt 2009 - 20:49
  • Minder besikers yn 't Fiskershúske (foto: museummoddergat.nl)

Museum 't Fiskershúske yn Moddergat hat dit seizoen 13.500 besikers lutsen. It seizoen begûn rêstich, mar yn de simmermoannen waard it drokker. It tal besikers fan dit jier leit leger as ferline jier. Dochs is it museum wol tefreden.

't Fiskerhúske is noch oant 31 oktober gewoan iepen. Foar it earst dit jier giet it museum dêrnei op ôfspraak iepen foar groepen. It nije seizoen foar 't Fiskerhuske begjint yn de maaitiidsfakânsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)