Minder minsken yn 'e bystân

03 jul 2007 - 21:35

It tal minsken mei in bystânsútkearing nimt yn de gemeente Ljouwert folle hurder ôf as ferwachte. It giet no noch om dik 3600 minsken, wylst it der op 1 januaris 2006 noch hast 4400 wiene. Dat hat wethâlder Marco Florijn fan Ljouwert bekend makke. Neffens him komt dit benammen troch de ekstra ynspannings fan de gemeente om minsken oan it wurk te krijen.

Ljouwert docht it better as grutte stêden lykas Amsterdam en Den Haach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)