Minder minsken sûnder wurk

20 maaie 2009 - 12:15
  • Der wiene yn april yn Noard-Nederlân minder wurkleazen

It oantal minsken dat wurk siket yn Noard-Nederlân is de lêste moanne minder wurden. Der stiene ein april 57.844 wurkleazen ynskreaun by it UWV yn de trije noardlike provinsjes. Dat binne der 158 minder as ein maart. Yn Grinslân binne minder, mar yn Fryslân binne mear minsken sûnder wurk.

Yn fergelyk mei deselde perioade fan 2008, dan is de ekonomyske resesje dúdlik te sjen. It tal wurksykjenden is mei goed 8 persint tanommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)