Minder minsken sûnder wurk

15 nov 2007 - 19:27

De wurkleazens yn it Noarden rint nocht altiten werom. Fergelike mei oktober ferline jier stiene der yn 20 persint minder minsken ynskreaun as wurksykjend by de Sintra foar wurk en ynkommen yn de trije noardelike provinsjes.

Yn Fryslân sieten yn oktober dit jier dik 19.000 minsken sûnder wurk. Dat is krekt wat minder as yn Grinslân en krekt wat mear as yn Drinte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)