Minder minsken sûnder wurk

18 okt 2007 - 10:55
  • Minder minsken binne op syk nei in baan

It tal wurkleazen yn Fryslân is ferline moanne mei 20,2 persint ôfnaam. Sa'n 19.500 Friezen sitte op dit stuit sûnder wurk en binne der nei op syk. Dat docht bliken út sifers fan it Centrum voor Werk en Inkomen (CWI) oer de moanne septimber.

It byld yn Fryslân komt oerien mei dat fan de provinsjes Grinslân en Drinte. Lanlik is it it persintaazje wurkleazen mei 19 persint ôfnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)