Minder minsken op wintersport

11 nov 2013 - 16:34

Busmaatskippijen Paulusma en Dalstra hawwe minder boekings foar de wintersport. Lanlik lizze de touroperators 12 persint achter op ferline jier.

De boekings foar de wintersport rinne al jierren tebek, seit Hein Bouma fan Dalstra Reizen. Benammen begjinnende wintersporters komme net mear. Sy moatte fan alles keapje en dat is djoer, seit Paulus Paulusma fan Paulusma Reizen. Minsken wachtsje ek langer mei boeken. Se wolle it jild langer yn 'e bûse hâlde. Der is boppedat mear konkurrinsje fan oare oanbieders fan wintersportfakânsjes.

De fanatike wintersporters gean noch altyd wol nei de snie. Sy binne benammen te finen op de langere pistes yn Eastenryk en Frankryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)