Minder melkkij yn Fryslân

21 jan 2008 - 11:42
  • minder melkkij yn Fryslân

It tal melkkij yn Fryslân is de ôfrûne 25 jier mei sawat in tredde part ôfnommen. It Sintraal Buro foar de Statistyk hat dat besifere sûnt de ynfiering fan de molkkwota yn 1983.

Lanlik is de melkfeestapel mei hast de helte weromrûn, nammentlik 42 prosint. Benammen yn Limburch en Noard-Brabân is it tal melkkij tebekrûn. Yn Grinslân, Seelân en Flevolân rûn it tal just it minst hurd tebek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)