Minder Meksikaanske gryp

04 des 2009 - 15:27

De Meksikaanske gryp liket ek yn Fryslân op syn retoer. Dat seit de Dokterswacht Fryslân. Sûnt heal novimber rint it tal pasjinten al werom, mar benammen ôfrûne wike gie it hurd. Sa ha dizze wike goed hûndert minsken har by de húsdokter melden mei Meksikaanske gryp. Yn de topwiken wiene dit wolris 400 of 500 minsken.

De weromgong fan de gryp kin te krijen ha mei de resinte faksinaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)