Minder medisinen troch projekt

30 mrt 2010 - 21:00

Troch in spesjaal projekt hâlde in soad minsken op mei it brûken fan ferslavende kalmearrings- en sliepmiddelen. Dat hawwe de húsartsegroep Lemmer en Ychtenbrêge en apoteek de Waag út De Lemmer foarkoar krigen.

Der binne 290 pasjinten út de gemeente Lemsterlân persoanlik benadere. Dêrfan binne 57 minsken ophâlden mei harren medisyngebrûk en brûke 37 pasjinten minder medisinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)