Minder ljochthinder fan stâlen

26 mrt 2013 - 09:41
  • Kij yn de stâl (stockfoto)

By in proef mei it optimalisearjen fan de ferljochting yn in iepen stâl hat Tytsjerksteradiel ferrassend goede resultaten helle yn Sumar. Troch oanpassings is it no bûten de stâl mar leafst 92% tsjusterder. Mar ek de ljochtopbringst yn de stâl is bot tanaam en dat is goed foar de molkproduskje. It gie om in proef nei oanlieding fan klachten oer ljochthinder.

Yn de gemeente wurdt no by noch tolve pleatsen op deselde wize de ferljochting oanpast. It kostet sa'n 2000 euro de pleats, mar de helte wurdt subsidiearre.

Tytsjerksteradiel is de earste gemeente yn Nederlân dy't ljochtútstjit fan iepen stâlen sa oanpakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)