Minder ljocht op buorkerij

23 jan 2012 - 20:06

In stâl sa ferljochtsje dat de omjouwing der gjin lêst fan hat mar de boer al gewoan syn wurk dwaan kin. De kommende tiid sil dêr ûndersyk nei dien wurde.

De stâl fan hjoed-de-dei is folle iepener as yn it ferline. Dat betsjut dat de ljochtútstrieling en dêrmei ek de ljochtfersmoarging folle grutter is. Op de pleats fan Miedema fan Wyns is moandei in proef úteinset om te sjen hoe't je dat no krekt foarkomme kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)