Minder ljippen dit jier

16 jul 2001 - 00:00

Dit jier binne der folle minder ljippen yn it lân. De ferwachtings wiene heech mar de resultaten binne by eintsjebeslút teloarstellend. Troch de tongblierkrisis yn Fryslân koe der dit jier net aaisocht wurde. Neisoarch wie fan 't maaitiid ek net mooglik.

Neffens greidefûgelkoördinator Anne Venema fan 'e provinsje hie it wiete maaitiidswaar ek in negative ynfloed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)