Minder leven op it wetter

28 nov 2001 - 00:00

Jachten kinne stiller, dat die woansdei bliken by in presintaasje yn Ljouwert. Yn opdracht fan de HISWA ha jachtbouwers oardeljier dwaande west om skippen minder desibels produsearje te litten.

Der binne trije skippen boud dy't as foarbyld tsjinje kinne. Minder leven is foaral foar de eigners fan belang: bytiden is it lûd fan de motor net noflik mear te neamen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)