Minder leechstân by winkels yn sintrum fan Ljouwert

18 mrt 2015 - 17:03
  • De Lytse Tsjerkestrjitte yn Ljouwert

Yn it stedssintrum fan Ljouwert stean folle minder winkels leech as yn oare stêden. Njoggentich stêden binne ûndersocht en Ljouwert stiet op it njoggentjinde plak. De leechstân sit ûnder de 7% en der binne stêden dy te krijen hawwe mei 50% leechstân.

Neffens wethâlder Deinum stie Ljouwert der seis jier ferlyn folle beroerder foar. Benammen yn de strjitten nei it sintrum ta, stie in soad leech. De gemeente en de middenstân pakten de saak op en strjitten lykas de Easterstrjitte en de Lytse Tsjerkestrjitte dogge it no goed.

Anton Klapwijk hat in tsiiswinkel yn de Lytse Tsjerkestrjitte. Hy seit dat de positive tindins feroarsake wurdt troch de goede gearwurking tusken gemeente en ûndernimmers en de ynvestearrings dy't de gemeente yn it sintrum docht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)