"Minder lanlike tema's"

23 okt 2013 - 23:00
  • Dijsselbloem yn petear

Der moat mear rêst komme yn de lanlike polityk. Sa net, dan giet dat ta skea fan de lokale polityk. Dat wie it boadskip dat de PvdA Hearrenfean woansdei hie foar de twa partijpommeranten dy't op kampanje wiene op It Hearrenfean.

Sawol partijlieder Diederik Samsom as minister fan finânsjes Dijsselbloem wiene nei it Noarden ôfreizge om kampanje te fieren foar de gemeenteriedsferkiezings fan 13 novimber 2013. Neffens listlûker Coby van der Laan fan de PvdA Hearrenfean krije se op kampanje de measte fragen oer lanlike tema's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)