Minder lang yn sikehûs

24 nov 2005 - 14:49

Bern dy't yn it MCL yn Ljouwert by de plastysk sjirurch ûnder it mes moatte, hoege net mear in dei foar de operaasje opnommen te wurden. De ûndersiken op dy dei wurde no by in eardere besite oan it sikehûs útfierd.

De tiid dy't bern yn it sikehûs lizze is no in dei koarter. Dat is in foardiel foar de bern, mar it kostet ek minder. It giet om sawat hûndert bern yn it jier, dy't holpen wurde oan flapearen of in hazzelippe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)