Minder kwaliteit yn Blitsaerd

06 mrt 2013 - 00:39

B. en w. fan Ljouwert wol trochsette mei de plannen foar in kwaliteitsferleging fan de wenningbou yn de wyk Blitsaerd. Yn dy wyk moatte djoere huzen boud wurde sa as op oare plakken yn Ljouwert net mooglik is. Mar troch de krisis sit it projekt op in dea spoar en sakje de huzeprizen.

De projektûntwikkelers yn it gebiet wolle dêrom graach dat de kwaliteitseasken foar de huzen ferlege wurde. Mar de bewenners sjogge dat net sitten. B. en w. sjocht de bou fan huzen mei in minder hege kwaliteit as stipe foar de bousektor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)