Minder kuierders Kennedymars

29 aug 2009 - 17:12

De rein fan yn de nacht fan freed op sneon hat foar in werromrinnend dielnimmerstal fan de Kennedymars Fryslân soarge. Mar nettsjinsteande de stevige buien ha goed 400 kuierders de tocht fan 80 kilometer rûn.

De hiele nacht ha se yn de rein en mei blierren op 'e fuotten troch de Fryske Wâlden rûn. De tocht gie ûnder oare lâns Dokkum, Damwâld, Feanwâlden en de Westereen. Even nei 08.00 oere kaam de earste kuierder by Wâlterswâld oer de streek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)