Minder komasûpers by it MCL

21 jun 2013 - 12:12

Der binne hieltyd minder Fryske komasûpers. Dat docht bliken út sifers fan sikehûs MCL yn Ljouwert. Twa jier lyn waarden yn it sikehûs 38 jongeren opnaam fanwege in alkoholfergiftiging, mar yn 2012 wiene dit der 33. Dat is goed 10 % minder. It is foar it earst yn mear as tsien jier dat it tal komasûpers ôfnimt. Bernedokter Tjalling de Vries fan it MCL is tige wiis mei dizze trendbreuk.

Tjalling de Vries ferwachtet dat de trend him trochset, ek dit jier binne der wer minder komasûpers opnommen.

Boppedat wurdt takom jier de leeftydsgrins foar lichtalkohoalyske dranken ferhege fan 16 oant 18 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)