Minder koma-sûp-opnames yn MCL

11 nov 2013 - 15:26
  • Alkohol

Sikehûs MCL hat de lêste tiid minder opnames fan jongeren dy't troch alkohol yn grutte problemen kommen binne. Neffens bernedokter Tjalling de Vries komt dat troch bettere foarljochting en kampanjes, en troch it oanpassen fan de wet.

Oer de lêste tsien jier sjoen is it tal jongeren dat troch alkohol yn it sikehûs rekket, fjouwer kear sa grut wurden. Dat stiet yn it jierferslach fan de Nationale Drug Monitor fan it Trimbosinstituut. Yn 2001 waarden 263 jongeren holpen, wylst dat yn 2011 1087 wiene. De sifers jilde foar hiel Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)