Minder klachten yn Sm'lân

20 maaie 2009 - 16:13

By it wyk- en doarpsbehear fan de gemeente Smellingerlân binne yn 2008 minder klachten binnenkaam as yn 2007. Dat stiet yn de jierrapportaazje. De measte klachten giene oer pún en it yllegaal stoarten fan smoargens.

Klachten oer de bestrjitting binne werom rûn. Dat hat der mei te krijen dat der yn guon strjitten maatregels naam binne tsjin beamwoartels dy't tegels omheech drukke. It tal klachten oer stikkene strjitferljochting is wat tanaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)