Minder klachten oer ferfier

10 okt 2008 - 10:13
  • minder klachten fan reizgers
  • mear reizgers foar de trein

Fryske trein- en busreizgers ha yn it twadde fearnsjer de helte minder klachten as yn deselde perioade in jier lyn. Fan maart oant juny binne goed 1200 klachten binnenkommen.

Ien fan de redenen is dat der minder busritten en treinen útfalle. Wol hawwe minder reizgers gebrûk makke fan in bus yn dy perioade. Dat hat fral te krijen mei de stakings yn Súdeast-Fryslân. It tal reigers dat mei de trein reizge, is licht tanaam yn ferliking mei ferline jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)