Minder klachten oer dokterswacht

03 maaie 2004 - 00:00

Friezen binne hieltyd positiver oer de Dokterswacht Fryslân. Dat docht bliken út de meldwike dy't it Provinsjaal Pasjinte- en Konsuminteplatfoarm ferline wike organisearre. Pasjinten koene har argewaasje of kompliminten melde fia e-mail of tillefoan.

Ferline jier wie der ek sa'n meldwike. Doe kamen 200 klachten binnen, benammen oer telefoanyske berikberens, it jaan fan ynformaasje en de ôfstân ta de húsartsepost.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)