'Minder keatspartijen op sneon'

24 jun 2006 - 18:00

Minder partijen en minder partoeren op sneon by de manljushaadklassers. Dat binne de wichtichste foarstellen fan in kommisje dy't him dwaande hâldt mei de wedstriidopset foar it kommende keatsseizoen. As it oan de kommisje leit wurde der it kommende seizoen op sneon 6 partijen minder spile.

Op dy dei sille der ek net mear as acht partoeren yn de haadklasse keatse. Op snein sil der yn 'e takomst mear 10 partoeren keatst wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)