Minder keamers te hier

23 feb 2010 - 10:29
  • It ûndersyk is dien troch kamernet.nl

It oantal hierkeamers dat nij oanbean wurdt yn Ljouwert, is yn jannewaris mei goed 33 persint ôfnommen yn fergelyk mei in jier lyn. Dat docht bliken út ûndersyk fan Kamernet.nl.

Der waarden yn de earste moanne fan dit jier 281 nije keamers te hier oanbean yn Ljouwert. De gemiddelde hierpriis gie mei goed 4 persint omheech yn fergeliking mei jannewaris 2009. De hier foar in keamer is no goed 300 euro yn 'e moanne. Dat is 50 euro minder as it lanlik gemiddelde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)