Minder jongeren nei HALT

31 des 2010 - 11:10

Oant no ta binne tolve jongeren trochstjoerd nei it HALT-buro, omdat se fjoerwurk ôfstutsen hawwe, wylst dat noch net mocht. Dat is folle minder as foargeande jierren. Twa jier lyn krige it HALT-buro noch 35 jongeren foar in alternative straf, ferline jier 26.

Dit jier binne út it plysjedistrikt Snits de measte jongeren trochstjoerd, seis. Ut de oare distrikten wiene dat ien of twa. Mar yn it plysjedistrikt Noardwest is net ien oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)