Minder jongen by sulvermiuwen

03 okt 2012 - 11:57
  • It Amelân

De koloanje sulvermiuwen op It Amelân hat in min jier hân. Dat docht bliken út sifers oer it briedsukses fan de fûgels. Der binne folle mindere jonge fûgels grut wurden as oars. Gemiddeld hat in pear sulvermiuwen mar 0.8 jongen grut brocht en by de sjouwermannen (mantelmeeuw) leit dat mei 0.1 prosint noch leger. Oarsaak is it minne waar dizze maitiid. Foar de lange termyn hat ien sa'n min briedseizoen gjin gefolgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)