Minder jild nei Fryske Akademy

13 okt 2011 - 16:32

Nije besunigings op 'e Fryske Akademy ha grutte gefolgen foar de wittenskip. Dat seit direkteur Salverda. De Akademy krijt twa ton minder subsydzje fan de provinsje en it ryk. Dizze nije besuniging komt boppe-op de twa ton dy't yn 2009 al skrast is.

De totale begrutting is 2,5 miljoen euro. De Fryske Akademy docht ûndersyk nei it Frysk as it giet om taal, kultuer en skiednis. Ek de bysûndere learstuollen yn Leiden en Amsterdam komme faai te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)