Minder jild Miljeufederaasje

28 apr 2008 - 21:35

De Fryske Miljeufederaasje kin yn de takomst minder dwaan foar it miljeu en it lânskip yn Fryslân. Dat is it gefolch fan de foarnommen besunigings fan Deputearre Steaten. Dy wol de Fryske Miljeufederaasje mei 100.000 euro koartsje.

Dat kin neffens de provinsje troch effisjinter te wurkjen. Direkteur Bert van der Moolen is ferbjustere. Neffens him docht de besuniging gjin rjocht oan de posysje fan de Fryske Miljeufederaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)