Minder jild foar Princessehof

05 jul 2006 - 23:37

Museum it Princessehof yn Ljouwert krijt dit jier minder subsydzje as oanfrege wie. It museum hie 280.000 euro subsydzje oanfrege, mar krijt 247.000 euro.

It bedrach is leger omdat it museum it Pier Panderlegaat net beheare wol. Dat soe net passe yn de kearndoelstelling fan it museum. It jild dat nedich is foar it behear fan dat legaat wurdt fan de subsydzje foar it Princessehof ôfhelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)