Minder jild foar jeugdhelp

20 maaie 2010 - 23:29

De budzjetten fan Jeugdhelp Fryslân moatte op syn minst gelyk bliuwe. Is dat net it gefal, dan wurde de bern dy't help nedich ha dêr aanst de dupe fan. Dat stelt direkteur Gabriël Anthonio fan Jeugdhelp Fryslân.

Foar dit jier moat der al besunige wurde. Jeugdhelp Fryslân krige fan de provinsje al njoggen ton minder as begrutte. De ferwachting is dat it de kommende jierren allinnich mar minder wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)