Minder jild foar De Skelp

30 nov 2011 - 15:02

Bern dy't dôf binne of min hearre kinne, krije mooglik minder goed ûnderwiis. It ryk besuniget op spesjaal ûnderwiis. Yn Fryslân is ien skoalle foar dôve en minhearrende bern, De Skelp yn Drachten. De skoalle hat in budzjet fan 4 miljoen euro, mar moat dêr no hast ien miljoen fan ynleverje. Der moatte learkrêften fuort. De skoalle wol foarkomme dat de klassen fan de bern grutter wurde en it ûnderwiis achterút giet. Dêrom siket De Skelp de gearwurking mei regulier ûnderwiis.

Hoe't dy gearwurking derút sjocht, wurdt pas begjin takom jier dúdlik. Dan komt oerkoepeljende ynstânsje Kentalis mei in plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)