Minder jild foar Cambuur

13 apr 2011 - 14:44

Cambuur krijt tûzenen euro's minder, omdat de klup sakke is op de saneamde 'Club Positioning Matrix' (CPM). Wat heger in klup op dy list stiet wat mear jild er krijt. It giet om 4,5 miljoen euro dy't ferdield wurdt oer de earste divyzjeklups.

Dit jier krige Cambuur trije ton út de CPM pot. Klups wurde beoardiele op saaklike, finansjele en sportive aspekten, it stadion en de relaasje mei omwenners en supporters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)