Minder jeugd by fûgelwachtdei fan BFVW

06 jun 2015 - 12:59
  • Der wie minder jeugd by de jeugdfûgelwachtdei

De jierlikse jeugdfûgelwachtdei fan it BFVW hat sneon minder besikers lutsen as yn oare jierren. Gewoanwei lûkt it evenemint sa'n 300 jeugdleden, no wiene der 225. Dit soe te krijen ha kinne mei bygelyks sporttoernoaien en oare seizoensôfslutende aktiviteiten foar de jeugd.

De trettjinde edysje fan de jeugdfûgelwachtdei waard sneontemoarn holden op in pleats yn Broek. De jonge dielnimmers koene meidwaan oan kuiertochten en in edukatyf spultsjesparkoers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)