Minder IVF-behannelings MCL

08 nov 2005 - 16:45

Gynekologen fan sikehûs MCL yn Ljouwert kinne dúdlik fernimme dat minsken faker ôfsjogge fan in IVF-behanneling fanwege de hege kosten. Sûnt jannewaris 2004 fergoedet it sikefûns de earste behanneling net mear.

Lânlik sjoen is it tal IVF-behannelings ferline jier mei trije persint ôfnommen. It MCL fernimt dat minsken dy't al ien of twa IVF-behannelings hân ha, dêrnei faker ôfheakje. Ien behanneling kostet rûchwei 3000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)