Minder ikeprosesjerûpen

19 aug 2013 - 15:18
  • Ikeprosesjerûpen

Der binne dit jier folle minder ikeprosesjerûpen fûn. Benammen fanwege it waarme simmerwaar sochten in soad rûpen ferkuolling ûnder de grûn. Ek de prefintive oanpak fan gemeenten levere in bydrage oan de delgong. Yn Fryslân wie it tal fynsten wikseljend. Sa waarden der yn nije gemeente De Fryske Marren en Hearrenfean folle minder nêsten fûn, wylst yn Weststellingwerf en Tytsjerksteradiel it tal nêsten wol tanaam.

Yn fergeliking mei omlizzende provinsjes skoart Fryslân dit jier opfallend leech.

Dochs is it te betiid om al fan in definitive delgong te sprekken. Pas yn novimber wurde de resultaten fan de monitoaring bekend makke en kin der in foarsizzing foar takom jier makke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)