Minder huzen Súdwest-Fryslân

22 nov 2011 - 19:02
  • SWF

De gemeente Súdwest-Fryslân snoeit flink yn de plannen foar huzebou yn de gemeente. De fiif âlde gemeenten hiene meielkoar plannen foar tûzenen nije huzen, mar dy kinne allegear net boud wurde. De nije gemeente hat 69 doarpen en stêden, 50 dêrfan binne gefoelich foar krimp. Dêr wurdt dus de kommende tiid neat boud. Der sil allinnich noch boud wurde as de huzen ek echt ferkocht wurde.

Foar de gemeente betsjut it dat se 4,5 miljoen euro op de grûneksploitaasje ôfskriuwe moatte. De gemeenteried praat yn desimber oer de plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)