Minder huzen foar Terkaple

09 feb 2011 - 10:50
  • Terkaple moat geduld hawwe

Troch in bysûndere archeologyske fynst kin de bou fan 10 huzen yn Terkaple earst net trochgean. De gemeente Skarsterlân woe dit jier los mei de bou fan 14 nijbouwenningen. Mar by archeologysk ûndersyk waard sok bysûnder guod fûn, dat 10 fan dy 15 huzen net boud wurde kinne. Der komme no mar fjouwer.

De gemeente hopet dat der yn de rin fan it jier dúdlikheid komt oft de huzen der toch komme kinne. Oer de fynst komt oerlis mei de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)