Minder huzen boud yn Fryslân

20 nov 2004 - 10:13

Der binne dit jier folle minder huzen boud yn Fryslân as yn 2003. It tal nije wenten is mar leafst mei 22 persint omleech gong. Oant septimber fan dit jier binne der 1008 wenten boud yn de provinsje. Ferline jier wiene dat der 286 mear.

Jan Bits fan BouwNed Noard fynt dit in soarchlike ûntwikkeling. 286 Minder wenningen betsjut dat der foar 600 boufakkers gjin wurk is. De huzebou sil de kommende jierren wer wat oanlûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)