Minder húshâlde, mear sliepe

26 nov 2013 - 12:38
  • Skjinmeitsje

Ynwenners fan Nederlân besteegje hieltyd minder tiid oan it húshâlden. Dat makket it sosjaal en kultureel planburo bekend. Neffens de ûndersikers wurde benammen jonge minsken dêr makliker yn. Der wurdt minder lang skjinmakke en itensean. As minsken it kinne, litte se in skjinmakker it himmeljen dwaan, en om tiid yn de keuken út te sparjen, wurde kant-en-klear-mielen iten.

Yn fergelyk mei 2006 binne minsken no wykliks twa-en-heal oere minder mei húshâldlike taken dwaande. Dêrfoaroer sliepe se langer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)