Minder hurdriders op A7

17 apr 2013 - 20:42
  • De A7

Hurdriders ride net mear sa hurd op de A7 as at se earder diene. Dat docht bliken út ûndersyk fan projektorganisaasje A7 Veilig. Ek is de gemiddelde snelheid op de dyk nei ûnderen gien. De A7 fan de Ofslútdyk nei Bad Nieuweschans is in dyk dêr't faak ûngelokken barre. Dêrom wurdt der sûnt ein 2011 besocht om ûnder oare mei mear plysjekontrôles de snelheid nei ûnderen te krijen.

Rykswettersteat is foarsichtich posityf oer de earste resultaten fan it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)