Minder hiel swakke skoallen

21 apr 2010 - 16:44

Fryslân hat yn 2009 it tal hiel swakke basisskoallen mei de helte werombrocht. Yn stee fan tweintich, binne der no noch tsien. Neffens deputearre Schokker docht it provinsjale belied fertuten.

De ûnderwiisynspeksje hâldt lykwols noed oer it nivo fan it basisûnderwiis. Dat docht bliken út it jierferslach fan de ynspeksje. Yn Fryslân krigen 87 prosint fan de basisskoallen in foldwaande. Lanlik leit dat persintaazje op 92 prosint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)