Minder heechbou op nije kampus Skylge

13 jan 2016 - 08:57
  • Skylge

Sa'n 100 belangstellenden kamen tiisdeitejûn nei de presintaasje fan de plannen foar in nije Campus foar it Maritiem Instituut Willem Barentsz op Skylge. Wenningboukorporaasje De Veste, de Seefeartskoalle en de gemeente hawwe de plannen makke. Neist de Campus komme wenningen te stean.

As alles goed giet, wurdt de nijbou yn septimber 2017 oplevere. Der wie earst in soad wjerstân tsjin de plannen, benammen oer de hichte fan de gebouwen. De inisjatyfnimmers hawwe dêrom in boulaach fan it gebou ôfhelle en ferwachtsje no gjin beswieren mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)