Minder guozzen oerwinterje yn Fryslân

24 des 2015 - 12:02
  • Guozzen op it lân

Der sitte op it stuit folle minder guozzen yn Fryslân. Der kinne hjir soms wol in miljoen oerwinterje, mar dat soe dizze winter samar ris de helte wêze kinne. Dat seit distriktshaad Hans Pietersma fan It Fryske Gea.

Under oaren de blesgoes en de paugoes litte it ôfwitte. It blaupoatsje oftewol de Kleine Rietgans bliuwt al langer fuort út Fryslân. Dat de hiele grutte oantallen der net binne, hat neffens Pietersma te krijen mei it waarme waar. Dêrtroch bliuwe sy yn Noard-Europa sitten.

Ek groeit it gers hjir noch troch, wêrtroch't it gers suver wat te lang wurdt foar de guozzen dy't allinnich de topkes fan it gers frette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)