Minder graffiti yn Ljouwert

19 jul 2003 - 00:00

Ut in ûndersyk docht bliken dat der hieltyd minder graffiti-skilderingen te finen binne yn de binnenstêd fan Ljouwert. Fjouwer jier lyn waarden noch sa'n 700 tekeningen op gebouwen oantroffen. Ferline jier wiene dat der noch mar 150.

De gemeente Ljouwert fiert in stranger graffiti-belied. Ek wurdt der faker en flugger skjinmakke en binne der ferskate plakken yn de stêd dêr't legaal spuite wurde mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)